"Skarster Rien komt der"

23 nov 2012 - 12:46

De provinsje hat der noch alle fertrouwen yn dat it akwadukt Skarster Rien yn de A6 oanlein wurde sil. Dat seit deputearre Poepjes yn reaksje op de ferklearring fan ferkearsminister Schulz van Haegen dat se al makke ynfrastruktuer-ôfspraken opnij tsjin it ljocht hâlde sil.

Neffens Poepjes kin dit net foar it Skarster Rien-akwadukt jilde. De provinsje hat in brief én hântekening fan de minister dat it projekt trochgean sil. Dêrneist is Poepjes ek wiis dat oare Fryske projekten út it saneamde Regio Specifieke Pakket trochgean sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)