Van der Zwan-noarm Hearrenfean

23 nov 2012 - 11:23

Bestjoerders fan ynstellings yn de gemeente Hearrenfean dy't mei publyk jild betelle wurde, meie net mear fertsjinje as boargemaster Tjeerd van der Zwan. Dit moat ek jilde foar minsken dy't yn in organisaasje wurkje, dy't foar mear as 50% ôfhinklik is fan gemeentlike subsydzjes.

Boargemaster Van der Zwan fertsjinnet 121.000 euro bruto yn it jier. Hy fynt dat der yn tiden fan besunigings en ûntslaggen ek in bydrage frege wurde kin fan organisaasjes dy't foar in grut part draaie op mienskipsjild. 

It giet ûnder oaren om ynstellings lykas Sportstêd Hearrenfean, iisstadion Thialf en sosjale wurkfoarsjenning Caparis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)