Tip Vaatstra net brûkber

© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De nije tip dy't misdiedsjoernalist Peter R. de Vries krigen hie yn de Saak Vaatstra hat neat opsmiten. Dat hat er op Twitter bekend makke.
Tongersdei fertelde De Vries yn it programma "De vijfde dag" fan de EO dat hy in tip krigen hie oer de belutsenheid fan Jasper S. by de moard op Marianne Vaatstra. Wat de tip krekt wie woe er net sizze, mar wol dat er tegearre mei de plysje dwaande wie it út te sykjen.