Prate oer swimtariven Drachten

23 nov 2012 - 11:03

Atletykferiening Impala fan Drachten en it sportbedriuw Smellingerlân sille har skeel útprate oer de ferheging fan de tariven fan it swimbad yn Drachten. It sportbedriuw hie de tariven foar de triatleten dy't yn it swimbad trene mei yngong fan novimber mei 350 persint omheech dien.
 
Impala seit dat de feriening dat net opbringe kin. It sportbedriuw liet dêrnei witte dat de klup dan net mear wolkom is yn it swimbad. Wethâlder Ketelaar fan Smellingerlân hat beide partijen no útnoege foar in petear. 

Yn de tuskentiid kin de triatleten fan Impala toch gewoan trene yn it swimbad yn Drachten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)