Plysje pakt fytsedief

23 nov 2012 - 10:30

De plysje hat tongersdei in 48-jierrige Ljouwerter yn syn wenplak oanhâlden, omdat er derfan fertocht wurdt dat er in fyts stellen hie.

In tsjûge seach in man in fyts stellen achter it stasjon. Sy belle de plysje en joech in sinjalemint troch. De plysje hâlde de fertochte letter oan op de Archipelweg. De man krige in proses-ferbaal. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)