Nije oanpak krimpproblemen

23 nov 2012 - 09:45

Fjouwer doarpen yn Dongeradiel hawwe in doarpsûntwikkelingsmaatskippij oprjochte. It giet om Holwert, Ie, Mitselwier en Peazens/Moddergat. Doel fan dy ûntwikkelingsmaatskippijen is om de leefberens yn de doarpen te fergrutsjen.

Earder is fan alle fjouwer doarpen al yn kaart brocht hoe't de beskerme doarpsgesichten bewarre bleaun wurde kinne, sadat de minsken der graach wenjen bliuwe. De doarpsûntwikkelingmaatskippijen moatte dy karre lûke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)