Ledegroei keatsbûn

22 nov 2012 - 22:50
  • Keatsen yn Frentsjer

It tal leden fan it keatsbûn KNKB is it ôfrûne jier mei 450 tanaam. It KNKB telt op dit stuit 13.700 leden. Doel is om dit tal oer in jier of fiif wer op sa'n 15 tûzen te hawwen. It keatsbûn skriuwt ek wer swarte sifers en sjocht yn it brûken fan de sêfte bal in moai ynstrumint om it tal leden noch fierder omheech te krijen. Soargen binne der lykwols ek noch altyd. It oantal taskôgers by de manljus haadklasse is dit seizoen wer fierder ôfnaam en de dielname oan frouljus partijen wurdt ek minder. Skiedsrjochters binne dreech te finen.

Ek dat is in probleem. De Algemiene Ledegearkomste naam sûnder in protte diskusje it nije mear jierrige beliedsplan "Heel Friesland kaatst" oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)