Striid om remise stoomtrein

22 nov 2012 - 22:41

Der is in striid geande om de remise fan de fallite Friesche Stoomtrein Maatschappij yn Snits. Der binne trije partijen dy't it eigendom fan de remise claime: Prorail, Rabobank en de Friso Bouwgroep. It gebou stiet foar it grutste part op grûn fan Prorail en dy mient dêrom de measte rjochten te hawwen. De fallite Stoomtrein Maatskippij hat lykwols in hypoteek op it gebou ôfsletten foar 1 miljoen euro by de Rabobank. Dy seit ek rjochten te hawwen. Bouwer Friso is net foar de remise betelle en wol it gebou dêrom net frijjaan.

Troch dy trije claims op it gebou kin kurator Verdonk fan de fallite Stoomtreinmaatschappij gjin kant út. It gebou ferkeapje sit der net yn, mar der kin ek gjin nije bestemming foar socht wurde. Verdonk ropt de stridende partijen op sa gau mooglik mei elkoar om tafel te gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)