Nije akute soarch Sionsberg

Sikehûs de Sionsberg yn Dokkum hâldt in foarm fan spoedeaskjende help. Minsken dy't akute soarch nedich hawwe kinne foar de measte saken gewoan te plak yn it eigen sikehûs. Mar foar bygelyks in opname op de Intensive Care wurdt trochferwiisd nei oare, gruttere sikehûzen.
De nije ôfdieling foar akute soarch is dizze wike foar it earst iepen en it giet earst om in proef. As dy suksesfol is, sil yn in letter stadium besjoen wurde oft ek de húsartsen plak krije kinne op de ôfdieling.