Aksje foar better fytsljocht

22 nov 2012 - 22:11

It fytsersbûn is tongersdeitejûn yn Ljouwert úteinset mei in spesjale aksje om te wizen op it gefaar fan it fytsen sûnder ferljochting. By de Waag yn it sintrum waarden fergese LED-lampkes útdield. Tsientallen minsken namen se oan. It fytsersbûn komt mei dizze aksje om't benammen yn novimber en desimber in soad ûngelokken barre mei fytsers sûnder ljocht.

It fytsersbûn fiert de kommende wiken ek op oare plakken aksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)