Nije Vaatstratip ûndersocht

22 nov 2012 - 22:03

Misdiedsjoernalist Peter R. de Vries hat dizze wike in nijsgjirrige tip krigen oer de belutsenheid fan de 45-jierrige Jasper S. by de moard op en ferkrêfting fan Marianne Vaatstra. Dat sei hy tongersdeitejûn yn it programma "De vijfde dag" fan de EO. De Vries seit dat hy dizze tip mei de plysje oan it útsykjen is. Wat de tip krekt is, woe de Vries oan de tafel by de EO net sizze. Dat soe syn tipjouwer ôfskrikke kinne. Wol soe it in oar ljocht jaan op de saak.

Yn it programma gong de EO yn op de eardere lûden yn de streek dat in asylsiker mooglik de dieder wêze soe. Ek Bauke Vaatstra, de heit fan Marianne waard dêr in pear kear mei konfrontearre, mar woe dêr net mear op weromsjen. Hy drige it petear in pear kear ôf te brekken. Peter R. de Vries toande him dêr nei ôfrin kritysk oer. "Ik moet je ook eerlijk zeggen dat ik niet helemaal goed snap waarom jullie uitgerekend in deze week, die buitengewoon emotioneel is voor Bauke Vaatstra hem op dat punt op de grill proberen te leggen. Dan denk ik ´had daar ook eens even mee gewacht, dan was dat misschien ook passend geweest.´"

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)