Ynbrekkerij yn Ljouwert

Ynbraak © Omrop Fryslân
Yn Ljouwert binne tongersdei twa manlju út Ridderkerk en Amsterdam oanhâlden op fertinking fan ynbraak. De twa wiene sjoen troch in bewenner fan in flat oan de Eikenleane yn Ljouwert, doe't se dêr mei noch twa oaren oer de galerij rûnen. De bewenner fûn dat fertocht en belle de plysje.
Dy koe de twa manlju oanhâlde. In tredde man en in frou koene útnaaie. Op de galerij dêr't de fertochten sjoen wiene, wie in hûs iepenbrutsen en oer de kop helle. De bewenners wiene net thús. De twa fertochten sitte fêst.