Soarch oer feiligens Jasper S.

22 nov 2012 - 16:35

Advokaat Jan Vlug fan de haadfertochte yn de Vaatstra saak makket him soargen oer de feiligens fan syn kliïnt yn de finzenis. Hy wol dêrom perfoarst net sizze nei hokker finzenis Jasper S brocht wurdt, "Dat jout allinnich mar problemen."

Hy seit ek dat immen dy't beskuldige wurdt fan in sedemisdriuw faak ûnderoan yn de rangoarder stiet yn in hûs fan bewar. Soarch dêroer is der by him, mar ek by it IM, sei Vlug. It IM seit yn in reaksje dat Jasper S. foarearst feilich sit, ek al omdat hy noch hieltyd yn de saneamde 'beheining' sit. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)