Vlug: "DNA is gjin komplot"

22 nov 2012 - 15:27

Advokaat Jan Vlug fan Deventer fynt it ferskriklik dat de komplottinkers heit Vaatstra lestich falle. Hy sei dat tongersdei neidat syn kliïnt Jasper S. foarlaat waard oan de rjochter-kommissaris.

Vlug is him goed bewust fan de gefoeligens fan de saak. "Het lijkt alsof mensen zich persoonlijk betrokken voelen." Oer de ynhâld fan de saak en oft syn kliïnt wat ferklearre hat, kin er neat sizze.

Jan Vlug hat him ek steurd oan ferhalen as soe hy de ferdigening fan Jasper S. weromjûn hawwe. Hy hie de ferhalen dêroer ek heard, mar dêr is hielendal neat fan wier, sa sei hy woansdei nei ôfrin fan de sitting fan de rjochter-kommissaris.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)