Famylje Jasper S. heard

Hûs fertochte fan de moard op Marianne Vaatstra ôfset © ANP
De frou fan Jasper S. is heard troch de plysje. Ek oare famyljeleden wurde heard. De plysje sit mei 12 man op it ûndersyk. No't der in fertochte is, binne der minsken dy't har saken herinnerje dy't belangryk wêze kinne foar it ûndersyk.
Oer de fyts en de kompjûter dy't yn beslach naam binne, kin yn it belang fan it ûndersyk neat sein wurde. Tongersdei bepaalde de rjochter-kommissaris dat Jasper S. langer fêst sitten bliuwt. Ek bliuwt er foarearst yn beheining.