Oanfraach Fryske nasjonaliteit

Bertus Postma fan Bitgummole hat tongersdei as fiifde Fries syn Nederlânske nasjonaliteit ôfsward. Hy die dat op it âlde gemeentehûs fan Menameradiel tsjinoer boargemaster Tom van Mourik.
Postma hie in fersyk by de gemeente yntsjinne om as Fries yn it befolkingsregister opnaam te wurden mei behâld fan syn Nederlânsk steatsboargerskip. Van Mourik makke dúdlik dat soks ûnder de hjoeddeistige wetjouwing net kin. Dêrop frege Postma oan boargemaster Van Mourik om de kwestje te bepraten mei minister-president Rutte.