Jongeren prate oer krimp

22 nov 2012 - 14:47

Hoe sjogge jongeren nei de takomst fan Noardeast-Fryslân? Mei dy fraach waarden HAVO- en VWO-learlingen fan it Dockinga College yn Dokkum derop útstjoerd mei in kamera. De jongeren makken dêrby filmkes oer tema's lykas wenjen, wurkjen en frije tiid.

De jongeren ha ek op útwikseling west nei in selde soart regio yn België dêr't ek saken as krimp spylje. De resultaten wurde tongersdei fertoand en bepraat op in sympoasium. It projekt 'Jouw wereld in beeld' is in inisjatyf fan de stichting NetNix. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)