150 Fryske banen steane faai

22 nov 2012 - 12:45
  • Finzenis De Marwei yn Ljouwert

Goed 150 Friezen ferlieze harren baan as de plannen om de finzenissen yn Drinte en Grinslân te sluten troch giet. It grutste part fan de Friezen wurket yn de finzenis fan Veenhuizen. Foar it folsleine Noarden betsjut dit in ferlies fan goed 1700 arbeidsplakken sa hat de provinsje Drinte berekkene.

It ministearje fan justysje wol 11 fan de 29 finzenissen slute. Sa moat goed 100 miljoen euro besparre wurde. UR-foarsitter Hilke Hof fan de finzenis yn Veenhuizen ropt de noardlike polityk op om ien fûst te meitsje rjochting Den Haach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)