Kringloop fynt tûzen euro

jild © Omrop Fryslân
It personiel fan de kringloopwinkel De Poort oan de Heremawei op It Hearrenfean hat woansdei yn bysûndere fynst dien. Yn in doaze mei âlde kryst- en aansichtkaarten dy't by in grutte ynboel ynbrocht wie, siet in slûf mei 20 briefkes fan 50 euro.
Omdat bekend wie by wa't it guod wei kaam, wie de rjochtmjittige eigener gau fûn en dy hat syn 1000 euro yntusken werom.