Aksje by de Belestingtsjinst

De fakbûnen fiere tongersdei aksje by de Belestingtsjinst. Se protestearje tsjin it feit dat der noch hieltyd gjin cao foar ryksamtners is. Ek binne se der ûntefreden oer dat de ôfspraken dy't wol al makke wiene, net troch de minister ûndertekene binne.
De meiwurkers komme yn de lunsjpauze byinoar om mei de bûnen te praten oer wat foar aksjes se fierder noch wolle. De fakbûnen meitsje in tournee by ryksynstellings del om oer it cao-probleem te praten.