Boek oer Alvestêdetocht '63

22 nov 2012 - 10:21

Yn it reedrydmuseum yn Hylpen is tongersdei it boek 'Elfstedentocht 1963' fan Johannes Lolkama presintearre. Lolkama is dé kenner fan de âlvestedetocht en hat de ôfrûne jierren mei tal fan belutsenen fan de swierste tocht der tochten ea petearen hân.

Yn it boek steane ferhalen oer de wedstrydriders en fansels de winner Reinier Paping. Ek wurdt omtinken jûn oan de krityk dy't it alvestêdebestjoer nei ôfrin fan de tocht krige.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)