Fragen oer wurk Sintrale As

22 nov 2012 - 09:39

De steatefraksje fan de ChristenUnie sit der oer yn oft boubedriuwen út de streek wol profitearje fan de wurksumheden foar de oanlis fan de Sintrale As. De steaten hawwe in moasje fan de partij oannaam om te soargjen dat ek it lokale midden- en lytsbedriuw in kâns krijt by de oanbesteging.

No't de provinsje it earste part fan it wurk gund hat oan boubedriuw Heijmans, wol de ChristenUnie graach witte oft der foar de lytsere bedriuwen ek noch wurk achter de As weikomt. De partij hat dêr twifels oer.  

Trefwurden: 
Sintrale As boubedriuw wurk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)