Leechstân Gouverneurskwartier

De Walrus Ljouwert
Der driget grutte leechstân rûn it Gouveneursplein yn Ljouwert. Yn dit âlde diel fan de binnenstêd sitte benammen hoarekabedriuwen, galeryen en lytsere winkels en hieltiid mear fan dizze bedriuwen hâlde der mei op. Om dizze delgong te kearen hawwe de ûndernimmers in eigen feriening oprjochte. Troch de krêften te bondeljen hoopje se ûnder oaren bettere ôfspraken meitsje te kinnen mei de ferhierders fan de bedriuwsgebouwen. Dat moat net allinnich legere prizen opsmite, mar ek koartere hierkontrakten.
Ek besykje se nije ûndernimmers nei it gebiet te heljen.