Undersyk nei oanspielde tonne

21 nov 2012 - 18:40

Op It Amelân wurdt tongersdei ûndersyk dien nei de ynhâld fan in stik oanspielde tonne. It restant waard woansdeitemoarn fûn op it meast eastlike stik strân fan it eilân. Yn de tonne lykje stikken bonken te sitten, omjûn troch in wite stof. Neffens de finer stonk de tonne behoarlik. De plysje en de gemeente ha de tonne yntusken fan it strân helle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)