Beammen Sintrale As ferhuze

De kommende moannen wurde op 52 plakken mei in grutte kraan beammen ferpleatst foar de oanlis fan de Sintrale As. De beammen steane de oanlis fan de nije dyk fan Dokkum nei Nyegea yn it paad, mar binne te weardefol om te roaien.
Deputearre Poepjes hat woansdei de earste beam ferpleatst: in ikebeam oan de Joute van der Meerweg by Sumar. As de dyk skielk klear is, wurde der ek noch hûnderten nije beammen plante. De provinsje hopet noch altyd dat de dyk ein 2015 klear is.
Trochdat de hiele ûnteigeningsproseduere oerdien wurde moat, kin dy planning yn de knipe komme. De provinsje hat wol de tiid krigen om opnij mei grûneigeners te ûnderhanneljen. Sa is yn 12 fan de ûngefear 80 probleemgefallen noch in oplossing fûn. Deputearre Poepjes hopet dat de kommende wiken noch mear fan sokke gefallen sûnder juridyske prosedueres oplost wurde kinne.