De Stee yn top 3 NL Kafees

21 nov 2012 - 17:13
  • De Stee: it op twa nei bêste kafee fan Nederlân
  • Arman nimt der ien op, syn suster Ilva stiet achter de bar
  • Twa stamgasten ha in eigen kruk mei nammeplaatsje
  • Ilva en Arman by de oarkonde

Kafee De Stee yn Ljouwert is op it tredde plak einige yn de lanlike Kafee Top 100 fan fakblêd Misset Horeca. De Stee docht it dêrmei better as ferline jier, doe't it fyfde waard. Neffens de eigeners is it plak berikt troch goed nei oare kafees te sjen en troch 'bettere kofje en bettere wyn' te skinken.

Kafee De Stee einige nei kafee Hoppe yn Amsterdam en De Bonte Koe yn Purmerend. Op plak 37 fine we it folgjende Fryske kafee, De Walvis op Skylge. Ek noch yn de top 100 steane Nescafé fan Nes op It Amelân (64) en de Walrus yn Snits (67).

Kafee De Stie bestiet al 35 jier en is oprjochte troch de âlden fan de hjoeddeistige eigeners Arman en Ilva Stoelwinder. It is in brún kafee, dat tagelyk de nedige fernijings trochfierd. Sa is it kafee tige warber op social media as Facebook. De twa âldste stamgasten fan De Stee hawwe in eigen kruk mei in eigen nammeplaatsje. De oarkondenfoar de bêste kafees waarden tiisdeitejûn útrikt yn de Beurs van Berlage yn Amsterdam. Arman en Ilva Stoelwinder hawwe dêr mei alle meiwurkers hinne west. Heit en mem Stoelwinder stiene by dy gelegenheid yn it kafee.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)