Maxima iepenet Paques fabryk

21 nov 2012 - 16:38

Prinses Máxima hat woansdei yn Brazilië in nij fabryk iepene fan it Balkster wettertechnologybedriuw Paques. De Prinses is tegearre mei Prins Willem Alexander mei op in Nederlânske hannelsmissy yn Brazilië. 160 Bedriuwen besykje op dizze wize hannel op te setten mei it lân.

Paques makket suveringsynstallaasjes foar ôffalwetter. De Balksters hoopje mei harren nije festiging ek yn Súd-Amearika saken dwaan te kinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)