Bauke Vaatstra lestich fallen

21 nov 2012 - 15:58
  • Bauke Vaatstra, heit Marianne Vaatstra

Nettsjinsteande de oanhâlding fan in haadfertochte yn de saak Vaatstra is der noch altyd in groep minsken dy't tinkt dat in asylsiker ferantwurdlik is foar it misdriuw. Op ynternet stjoere se as 'klokkenluiders' mails rûn mei dêryn befinings fan harren eigen ûndersyk en oare teoryen oer de moard. Ek wurdt Bauke Vaatstra fia in website beskuldige mei te wurkjen oan in komplot fan justysje.

Peter R. de Vries, dy't moandei it nijs oer de oanhâlding wrâldkundich makke, feroardielt it gedrach fan de komplottinkers: "Deze lui verdienen ook TBS!"

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)