Twa ferwûnen ûngelok Wommels

Plysje © ANP XTRA
By in ûngelok by Wommels binne woansdeitemoarn twa minsken ferwûne rekke. Twa auto's botsten op de krusing fan de Berkwerterleane en de Westergoawei op inoar. In 42-jierrige bestjoerster út Spannum ferliende gjin foarrang oan in 25-jierrige automobiliste út Wytmarsum.
De auto fan de frou út Spannum botste nei de oanriding tsjin in stek. Beide slachtoffers binne mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.