Priis foar biografy Troelstra

21 nov 2012 - 11:09

Journalist Piet Hagen is de winner fan de Dr. Joast Halbertsmapriis. Hy krijt de priis foar syn biografy oer it libben fan Piter Jelles Troelstra. Dat hat it kolleezje fan deputearre steaten besletten.

Neffens de sjuery is der noch nea sa'n folsleine biografy oer Troelstra skreaun, dy't dêrby ek nochris tagonklik is foar in breed publyk. Oan de priis is in jildbedrach fan 4000 euro ferbûn. De priis wurdt ien kear yn de trije jier útrikt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)