Tatarstan TV yn Fryslân

21 nov 2012 - 10:54

In ploech fan TV-stasjon TNV út Tatarstan yn Ruslân is op dit stuit yn Fryslân om in programma fan in oere oer Fryslân en it Frysk te meitsjen. Ferslachjouwer Mikhail Ljubimov is dwaande mei in searje reportaazjes oer 'sterke minderheidstalen' yn Europa.

In Tatarstan wurdt njonken Russysk ek Tataarsk praat. It Tataarsk is ek ferplichte yn it ûnderwiis, mar de Russen yn Tatarstan wolle neffens Ljubimov net folle fan it Tataarsk wite. Yn Fryslân giet de ploech op besite by ûnder oare de provinsje, de Fryske Akademy, Omrop Fryslân en AFUK.

Ljubimov sil ek prate mei Ira Judkovskaja, de Russyske artistyk liedster fan Tryater.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)