Stipe út doarp foar famylje S.

21 nov 2012 - 10:31
  • Ynwenners fan Aldwâld yn petear oer de oanhâlding yn de saak-Vaatstra

De ynwenners fan Aldwâld sille de famylje fan de fertochte Jasper S. net de rêch takeare, mar stypje. Dat die bliken op de ynformaasjegearkomste foar bewenners fan de gemeente. Boargemaster Bearn Bilker fan Kollumerlân fûn de jûn hertferwaarmjend en seit dat de ynwenners harren meilibjen útsprutsen mei de famylje. Fuort nei de byienkomst hat Bilker harren ferteld hoe't de jûn west hie. Boargemaster Aalberts fan Dantumadiel neamde de ynformaasjejûn yn De Westereen 'in goeie jûn'. 

Justysje liet op de gearkomsten achter sletten doarren trochskimerje der fertrouwen yn te hawwen 'in saak' te hawwen tsjin de fertochte, mar woe dêr nei ôfrin fierder neat oer sizze. Op beide plakken wie in soad media oanwêzich, mar dy mochten de seal net yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)