Man wol stellen broek ruilje

21 nov 2012 - 10:30

Yn Leiden is ôfrûne sneon in 30-jierrige Ljouwerter oanhâlden doe't er besocht in winkel op te lichten. Yn in sportsaak hie de man it befeiligingslabel fan in broek ôfskuord. Hy besocht doe it jild foar de broek werom te krijen.

De Ljouwerter sei dat er de broek yn in oare festiging kocht hie en dat er 'm ruilje woe. De ferkeaper leaude it ferhaal net. De alarmearre plysje fûn yn de tas fan de fertochte mear saken dy't mooglik stellen wiene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)