Prate oer it Waad yn Ljouwert

21 nov 2012 - 09:54

Twahûndert wittenskippers bûge harren de kommende dagen yn Ljouwert oer de takomst fan it Waad. Woansdei set it ynternasjonaal Waadsympoasium yn it WTC yn Ljouwert útein. Der wurdt ûnder oare praat oer biodiversiteit, de sociaal ekonomyske aspekten fan it Waadgebiet en klimaatferoaring.

De konklúzjes fan de petearen yn Ljouwert foarmje de basis fan in grutte Europeeske Waadkonferinsje oer twa jier yn Denemarken. Dêr sil it Europeeske belied foar it Waadgebiet foar de kommende fiif jier fêstlein wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)