Strop foar hendikepten

20 nov 2012 - 22:24

Hûnderten hendikepten yn Fryslân driigje harren favorite deibesteging kwyt te reitsjen, no't de besunigings op it ferfier nei de deibesteging fan de rjochter trochgean meie. Foarbylden binne it keramykatelier yn Frjentsjer of de taartebakkerij yn Snits. Tiisdei hat de Vereniging Gehandicaptenzorg Nederland it heger berop tsjin de besunigings ferlern.

Foar Talant giet it ferfiersbudzjet fan 8 miljoen no nei 4 miljoen. Dat kin betsjutte dat om de reiskosten minsken nei it deibesteging tichtby hûs moatte.

De ynstelling komt meikoarten mei ynformaasjegearkomsten om de gefolgen fan de besunigings oan de kliïnten en har begelieders út te lizzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)