Jild foar ûndersiken Akademy

20 nov 2012 - 19:22

De provinsje betellet mei oan fjouwer promoasjeûndersiken fan de Fryske Akademy. Trije ûndersiken gean oer meartaligens, it fjirde ûndersyk giet oer de grutskalige feanûntginning yn it suden fan de provinsje en de kop fan Oerisel. Dat ûndersyk wurdt dien yn gearwurking mei de Waadakademy en de Ryksuniversiteit fan Grins.

De ûndersiken nei meartaligens wurde tegearre mei de Universiteit fan Amsterdam dien. De provinsje lûkt 730.000 euro út foar de ûndersiken. De ûndersikers hawwe oant 2016 de tiid om te promovearjen.

Trefwurden: 
Fryske Akademy ûndersiken
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)