S. wyt net altyd wat er docht

20 nov 2012 - 19:17

Der wurdt hieltyd mear bekend oer Jasper S., de fertochte fan de moard op Marianne Vaatstra. Sa is kollegaboer, en VVD-fraksjefoarsitter yn Kollumerlân Bartele Bosma út Aldwâld net fernuvere oer de arrestaasje.

Trije jier lyn hat Jasper S. de auto fan syn soan stellen om te joyriden. Earder dy jûn hienen Bosma, syn soan en Jasper S. noch nei in gearkomste west foar melkfeehâlders. It wie in drege fergadering wêrby't Jasper S. him frijwat drok makke hie oer guon saken, sa kin Bosma him noch herinnerje. S. wist letter net mear wat er dien hie.

"Dêr skrok ik doe wol fan, want sa koe ik de man net", fertelt Bosma. "Doe't ik juster hearde dat de fertochte ien út Aldwâld wie, doe wist ik gelyk: 'dat is 'm' ", seit Bosma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)