Fryslân ryk oan media

Leeuwarder Courant © ANP
Fryslân telt de measte lokale en regionale media fan Nederlân. Yn in Fryske gemeente binne yn trochsneed fjirtjin media aktyf, yn Seelân is dat mar de helte. Dat docht bliken út in ûndersyk fan it Stimulearringsfûns foar de parse.
Fryslân hat in opfallend soad regionale nijs-websides en betelle streekkranten. Fryslân is fierder de iennichste provinsje mei twa aparte regionale kranten.