Dros definityf baas fan plysje

Poeisz, Oerfal, Ljouwert © Robert-Jan Boonstra
De Grinzer korpssjef Oscar Dros wurdt definityf de sjef fan de ienheid Noard-Nederlân fan de nasjonale plysje. Minister Ivo Opstelten hat tiisdeitemiddei de nammen bekend makke fan de nije plysjesjefs. Dat Dros de kandidaat wie foar it Noarden wie al bekend.
Dros wie ferline jier al oanwiisd as kwartiermakker en moast foar de tarieding fan it noardlik plysjekorps soargje.