'Marianne koe fertochte net'

20 nov 2012 - 15:59

Bauke Vaatstra is derfan oertsjûge dat syn dochter de fertochte Jasper S. net koe. Marianne is net frijwillich mei him it lân yngien. Mooglik hat se in sigaretsje mei him smookt om derûnder út te kommen en doe syn oanstekker by har stutsen. Yn in oanstekker yn har taske is in hier fan 'e fertochte oantroffen.

Neffens Bauke Vaatstra wie it de earste kear dat Marianne yn Kollum útgie. Oars gie se altyd yn Feankleaster nei de bar en mei de taksy wer nei hûs. De fertochte is boppedat de helte âlder as Marianne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)