Soarchwenten foar deminten

20 nov 2012 - 14:25
  • Snits

Soarchgroep Plantein hat oan de rûnwei fan Snits nije soarchwenten yn gebrûk naam. Dêr is plak foar 24 âldere deminte pasjinten. Dy wennen earder yn De Ielânen yn Snits. Yn it ferpleechhûs ûntstiet no romte foar mear ienpersoanskeamers.

Op it nije plak is ek ien wengroep foar jongdemintearjenden. Sy krije dêr heechweardige soarch en in aktiviteiteprogramma dat spesjaal op harren ôfstimd is. Plantein leveret soarch oan njoggenhûndert kliïnten yn it súdwesten fan de provinsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)