Skipsdiel sonken yn kanaal

Op it Van Harinxmakanaal by Ljouwert is tiisdeitemoarn in diel fan in skip sonken. It giet om in stik fan sawat 14 by 7 meter dat troch it kanaal sleept waard rjochting Harns. Troch ûnbekende oarsaak knapte ien fan de sketten út it skipsdiel. It begûn doe bryk te sakjen en sonk.
Neffens de provinsje is der gjin hinder foar it oare skipfeartferkear. Wol sil besocht wurde it skipsdiel sa gau mooglik boppe wetter te heljen.