OZB It Bilt mei 12% omheech

20 nov 2012 - 12:31

De gemeente It Bilt is lanlik ien fan 'e koprinners yn ferheging fan de ûnreplikesaakbelesting. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Vereniging Eigen Huis ûnder goed hûndert gemeenten.

Yn trochsneed giet de OZB-belesting yn de ûndersochte gemeenten mei 2,7 prosint omheech. De gemeente It Bilt en twa oare gemeenten komme boppe de 10 prosint. Op
It Bilt is de ferheging 12,4%.

Trefwurden: 
ûnreplikesaakbelesting
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)