Waskbearen foar Aqua Zoo

20 nov 2012 - 12:14
  • Waskbear

Bistetún Aqua Zoo by Ljouwert krijt der tiisdei sân waskbearen by. Se wurde dêr ûnderbrocht troch de stifting AAP. Dy helpt bisten dy't bygelyks foar fermaak op strjitte ynset wurde of dy't samar earne dumpt wurde. De waskbearen waarden allegearre as húsdier hâlden. Se binne de doar útset of sels útnaaid. Se komme út Dútslân, Syprus, België en Nederlân.

De stifting AAP hat derfoar soarge dat de waskbearen in stabile en sosjale groep wurden binne. Se kinne in goed plak krije yn Aqua Zoo.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)