Brúnfisk better beskermje

20 nov 2012 - 11:55

It ryk moat de brúnfisk as meast foarkommende lytse walfisksoart better beskermje. Dat hat de Rie fan Steat bepaald yn in útspraak. Greenpeace en stichting De Noordzee hiene de saak oanspand. Sy wolle dat de leefomjouwing fan de brúnfisken ferbettere wurdt. It giet dan om de hiele Noardseekust ynklusyf de Waadeilannen.

Hoe't dy leefomjouwing krekt oars en better wurde moat, is noch net dúdlik. Dêr is ûndersyk foar nedich. De steandwandfiskerij wurdt sjoen as ien fan 'e oarsaken fan 'e stjerte. Der spiele wol gauris deade brúnfisken oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)