Hynstetrailer gau weromfûn

20 nov 2012 - 10:39
  • Plysje

In hynstekarre is moandeitenacht yn Snits frij gau weromfûn nei't er stellen wie. In tsjûge hie sjoen dat de bestjoerder de hynstewein achter in auto keppele en hurd fuortried. Dat wie op de Pinksterblom.

De tsjûge belle de plysje. Dy gie der fuortendaliks op út en fûn de trailer yn de omkriten fan it Koolwitje. Hy siet noch achter de auto. Nei alle gedachten is de dief weiwurden yn 'e buert fan in flat. De plysje ûndersiket de saak.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)