Adema betanket befolking

20 nov 2012 - 09:54

Boargemaster Adema betanket de manlju út Achtkarspelen dat se meidien hawwe oan it DNA-ûndersyk yn de saak-Vaatstra. Trochdat se dêr ree ta wiene, wie der in kâns dat de identiteit fan de fertochte achterhelle wurde koe. De belutsenheid is neffens Adema grut en dat hat laat ta de oanhâlding fan in fertochte.

Yn Achtkarspelen foelen Bûtenpost, Twizel en Twizelerheide binnen it gebiet fan fiif kilometer om it plak fan it misdriuw hinne. Manlju út dy doarpen waarden oproppen om mei te dwaan oan it ferwantskipsûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)