'Aldwâld giet gewoan fierder'

Aldwâld is wend om foarút te sjen by tsjinslach en dat sil no ek barre. Dat is de ferwachting fan Sjoerd Hoekstra fan Doarspbelang, neidat moandei bekend waard dat de fertochte yn de saak-Vaatstra in ynwenner fan dat doarp is.
Neffens Hoekstra pakt it doarp it libben mei elkoar wer op. Dêrby wurdt de famylje fan de fertochte ek belutsen. "It oerkomt har ek allegear mar", seit Hoekstra. Hy tinkt dat de ynwenners fan Aldwâld goed sjen kinne dat der sprake is fan ien fertochte en dat syn gesin der dêrom net op oansjoen wurdt.
Hoekstra ferwachtet in soad minsken by de byienkomst tiisdeitejûn. Hy tinkt dat minsken der foaral ferlet fan hawwe om mei elkoar te praten oer wat der allegear bard is.