Soarch by âlders fertochte

20 nov 2012 - 07:22

De âlders fan Jasper S., de fertochte yn de saak Vaatstra, meitsje har soargen oer dy syn gesin en bedriuw. Dat seit boargemaster Bilker fan Kollumerlân. Hy hat moandeitejûn op besite west by de famylje.

Neffens Bilker belibje se it barren as in film dy't net werom te draaien is. Har soan wie yn har eagen in gewoane man dy't hurd wurke op syn bedriuw, dat al ieuwen yn de famylje is. Bilker ferwachtet dat op de gearkomste fan tiisdeitejûn yn Aldwâld net in soad nije ynformaasje nei bûten komt.

De jûn is foaral bedoeld om it hiele barren te ferwurkjen. Njonken justysje en plysje binne beide dûmnys fan Aldwâld en doarpsbelang by de gearkomste. Bilker wit út eigen ûnderfining hoe't Aldwâld omgiet mei minsken dy't yn in drege situaasje terjochte komme: "Aldwâld is in tekken om je hinne", seit er. De minsken stean achter de famylje fan de fertochte en stypje de famyljeleden. Boargemaster Bilker ferwachtet net dat minsken fan bûten it doarp mei kweade bedoelingen rjochting de famylje fan de fertochte wat ûndernimme sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)