Opheffing PvdA Boarnsterhim

PvdA
De PvdA-ôfdielings fan de gemeenten Boarnsterhim, Hearrenfean en Ljouwert wurde takom freed opheft. De partij hâldt dan in algemiene ledegearkomste. Tagelyk wurde der nije ôfdielings fan de PvdA Ljouwert en Hearrenfean oprjochte.
De partij docht dat om't de gemeenten oer goed in jier weryndield wurde. It noardlike part fan Boarnsterhim giet op yn Ljouwert en it súdlike part komt by de gemeente Hearrenfean.